SDC Putten - Harkemase Boys: 1-2

© Omrop Fryslân
De Harkemase Boys begûnen sneon hiel swak oan de lestige útwedstriid tsjin Putten, de nûmer lêst fan 'e haadklasse. Al nei fjouwer minuten gie Putten oan de lieding en dat bleau sa oant tsien minuten foar de ein, doe't Anton Jongsma de lykmakker skoarde.
De Harekieten begûnen der doe yn te leauwen en begûnen oan in slotoffensyf. En dat holp, want ien minút foar tiid makke Anton Jongsma de winnende goal. De Harkemase Boys wûnen dus mei 1-2.