Nijenhuis wint tûzen meter

© Omrop Fryslân
Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean wûn sneon op 'e NK ôfstannen yn Assen de tûzen meter. Nijenhuis wûn yn in knap baanrekord fan 1.11'31". Erben Wennemars waard twadde yn 1.11'86. It tredde plakje wie foar Simon Kuipers yn 1.12'12", Mark Tuitert waard fjirde yn 1'12.31". Beorn Nijenhuis waard freed ek al twadde op 'e 500 meter.
Neffens trener Geert Kuiper wurdt it kommende seizoen it 'jier fan 'e trochbraak' fan Beorn Nijenhuis.