Troelstra grutste Ljouwerter ea

© Omrop Fryslân
Piter_Jelles_Troelstra is de grutste Ljouwerter aller tiden. Dat hat direkteur Folkerts fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert freedtejûn bekend makke. De yn Ljouwert berne steatsman, advokaat en dichter Troelstra krige goed 20 persint fan de stimmen.
Hy bleau dêrmei de grafikus Maurits_Escher foar. Margaretha_Zelle, oftewol Mata_Hari, waard tredde. Mei inoar ha 450 minsken har stim útbrocht op in list fan 100 minsken.