Wenboat Eastersingel sonken

07 nov 2004 - 12:32

Oan de Eastersingel yn Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon in wite wenboat sonken. Kraanmasjinisten en dûkers hawwe sneon de hiele dei yn it spier west om 'e boat wer rjocht te krijen. De twa bewensters fan 'e boat wiene net thús doe't de boat sonk. De froulju binne slim kjel wurden.

It is de twadde kear dat hjir in boat sinkt, beide fan deselde eigner. Dy tinkt dat opset yn it spul is, omdat guon beswier ha tsjin de wenboaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)