Grutte drokte op startersdei

06 nov 2004 - 17:01

It tal minsken dat in eigen bedriuw begjint nimt wer ta. Dat die sneon bliken op 'e startersdei fan 'e Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert. Healwei de dei wiene der al mear as 900 minsken, en dêrmei wie it drok. De startersdei jout ynformaasje oer wat der nedich is om eigen baas te wurden.

Dat der safolle starters binne komt omdat it betrouwen yn 'e ekonomy tanimt. Mar ek omdat de minsken de banen net foar it útsykjen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)