Ritsma stelt teloar op 5 km

© Omrop Fryslân
De Lemster âld-wrâldkampioen Rintsje Ritsma stelde freedtejûn teloar op de NK ôfstannnen yn Assen. Op iisbaan De Smelt yn Assen kaam Ritsma op de fiif kilometer net fierder as in tsiende plak. Syn tiid wie 6.49'02".
Ritsma ferklearre earder tsjin Omrop Fryslân dat er mei reedriden ophâldt as it him net slagget om him te pleatsen foar it EK Allround. Yn Assen waard dúdlik dat Ritsma him flink ferbetterje moat om dat nivo te heljen.