Deadlik ûngelok by Aldehaske

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige man út Aldeberkeap is yn de nacht fan freed op sneon op de grutte dyk by Aldehaske om it libben kaam. De man is nei alle gedachten mei grutte faasje achterop in frachtauto riden. Dêrnei fleach er tsjin de fangrail en rekke de auto yn 'e brân.
De plysje wie der gau by en koe de man út de baarnende auto helje. Mar it slachtoffer is koart dêrnei stoarn. Troch it ûngelok wie der oalje op de dyk kaam. In frachtauto slipte dêrtroch.