Futsal: Hearrenfean spilet gelyk

06 nov 2004 - 13:08

Yn de earedivyzje fan it sealfuotbal spile Hearrenfean freedtejûn mei 2-2 gelyk tsjin de Carillon Boys út Beverwyk. De ploech fan trener Erik Donker ferspile in 2-0 foarsprong. Yn de earste helte sette Geert Hidding de Feansters op foarsprong.

Yn it begjin fan de twadde helte makke Dennis Jansen de 2-0. Hearrenfean like ôf te gean op de earste thúsoerwinning fan it seizoen, mar de Carillon Boys kamen dochs noch op deselde hichte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)