Berne-opfang Vegelinsoard bliuwt

06 nov 2004 - 11:06

It lytste pjutteboartersplak yn Fryslân kin foarearst bestean bliuwe. By de berne-opfang yn Vegelinsoard komme op it stuit mar fjouwer bern. Dat is te min om yn oanmerking te kommen foar subsydzje.

Mei de help fan Pleatslik Belang dy't in gebou beskikber steld hat en jild fan de gemeente Skarsterlân en it iepenbier ûnderwiis, kin de opfang oant de simmerfakânsje iepen bliuwe. Takom jier wurde wol mear bern ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)