Briedpearen telle yn 'e greide

06 nov 2004 - 10:15

It bûn fan Fryske fûgelwachten sil begjin takom jier 300 spesjale tellers opliede. De tellers hâlde har dwaande mei it tellen fan it tal briedpearen yn it greidelân. Oan de hân fan de resultaten wurdt besjoen oft de subsydzje foar greidefûgelbehear fan it ministearje fan Lânbou doel hat.

It projekt rint seis jier. Yn dy perioade moatte de tellers twa kear op 'n paad om te sjen hoe't it giet mei de fûgelstân. It begjint takom maityd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)