Nij kuierpaad by Eastermar

© Omrop Fryslân
By Eastermar is freed in nij kuierpaad iepene. It Kroesepaad is der kommen op inisjatyf fan de Fûgel- en Natuerbeskermingswacht Eastermar, de provinsje en Steatsboskbehear. It paad rint lâns it wetter De Lits. De namme Kroese is ûntliend oan de oprjochter fan de Fûgelbeskerming Eastermar.
Neist it paad waard by de Leijen ek in nij útkykpunt iepene. It paad is op it briedseizoen nei it hiele jier tagonklik.