Frysk kampioen fan seis jier

© Omrop Fryslân
Wesley Mars is seis jier en no al kampioen. Hy is de nije Nederlânsk Kampioen motorkross yn de 50cc klasse foar bern oant 8 jier. De jonge krosser komt fan Noardburgum en waard fan 'e wike kampioen by it racen yn Noardwâlde. Net earder wie de winner sa jong.
Mei syn âlden reizget Wesley hiel Europa troch om wedstriden te riden. Hy docht ek oan gersbaanracen. Der binne plannen om ek yn Amearika te racen.