Mosk no bedrige fûgelsoart

© Omrop Fryslân
It giet min mei de mosk yn Fryslân. It tal mosken is de ôfrûne jierren bot weromrûn. Foar it earst stiet de soart lanlik op de reade list fan de Fûgelbeskerming. Op dy list steane hast tachtich bedrige fûgelsoarten.
Mosken ha it dreech om't se har net ûnder de hjoeddeiske dakpannen nestelje kinne en der is ek te min iten. De Fûgelbeskerming ropt op om nestkastkes op te hingjen en op in fêst momint op de dei iten te struien.