Produktskip pakt Wildeboer oan

05 nov 2004 - 16:59

It Produktskip foar Fee en Fleis sil Wildeboer oanpakke. De eigner fan slachterij Brada yn Ljouwert betellet noch hieltyd net de heffingen fan slachtkij. Wildeboer soe wol tasein ha te beteljen. It bedrach is oprûn nei 120.000 euro.

Wildeboer makket him net drok en ûntkent tasein te hawwen de heffings te beteljen. De slachter jout takom wike jild werom oan de boeren dy't him it jild foar de heffing al betelle hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)