Argewaasje om brief SP oer drugs

© Omrop Fryslân
It brûken fan drugs yn it noardeasten fan Fryslân soe slimme foarmen oannimme. Dat skriuwt de SP yn in brief. Plysje en gemeenten reagearje ôfwizend op de brief. De SP pleitet foar yngripen en stelt maatregels foar om de problemen oan te pakken.
Ut sifers docht bliken dat yn dy regio gjin sprake is fan mear drugsbrûkers. Yn ferliking mei de rest fan Fryslân wurdt der net mear yn drugs hannele. De SP soe him net op feiten basearre ha.