Plysje betrapet fiskstreupers

05 nov 2004 - 10:45

It fiskstreuperijteam fan plysje Fryslân hat yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei twa streupers op 'e die betrape. Dat barde op 'e Tsjûkemar, dêr't de manlju al sa'n 700 meter oan netten útset hiene. De streupers binne meinommen nei it plysjeburo.

Boat, bûtenboardmotor en fisknet binne yn beslach nommen. It streuperijteam fan 'e plysje bestiet sûnt 2002. Njonken plysje dogge ek minsken fan AID en it Iepenbier Ministearje mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)