Fertochten Fetter bliuwe yn sel

05 nov 2004 - 09:34

De twa manlju dy't fertocht wurde fan de moard op Manuel Fetter bliuwe noch seker tritich dagen fêstsitten. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank tongersdei besletten. Manuel Fetter waard yn 'e nacht fan 23 op 24 septimber deastutsen yn 'e Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert.

De earste fertochte (26) soe Fetter fjirtjin kear mei in mes stutsen hawwe. De twadde man (27) wurdt der fan fertocht dat er Fetter slein hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)