Heerema Frysk damkampioen

© Omrop Fryslân
Gabriël Heerema fan Drachten is de nije Frysk kampioen damjen. Troch winst yn de foarlêste rûnde tsjin Rudolf Smedinga is Heerema net mear yn te heljen. Heerema hat twa punten foarsprong op 'e konkurrinsje.
Heerema pakte de titel ek al yn 1997. De lêste rûnde fan it Frysk kampioenskip wurdt sneon spile. Heerema hoecht net mear te spyljen, mar foar de striid om it twadde plak binne noch ferskate dammers yn 'e race.