Mûzepleach op Skiermûntseach

05 nov 2004 - 09:25

Skiermûntseach hat te krijen mei in mûzepleach. Neffens Rykswettersteat is de pleach twa kear sa grut as yn 2003. De fjildmûs is noch mar koart op it eilân. De earsten binne nei alle gedachten meikommen mei in fracht hea.

De mûzepopulaasje is sa grut dat de bistjes de seedyk oantaaste. Dêrom wurdt no mei hûnen jacht makke op 'e mûzen. De mûzehoalen wurde folgetten mei wetter. Op in dei wurde wol 400 fjildmûzen fongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)