Medyske soarch azc ûnder de maat

04 nov 2004 - 10:22

De medyske soarch yn it asylsikerssintrum fan Appelskea is ûnder de maat. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de ynspeksje fan folkssûnens dat woansdei bekend makke is.

Oanlieding foar it ûndersyk is de dea fan in 42-jierrige asylsykster yn 2002. Se ferstoar oan boarstkanker en har man die dêrnei oanjefte fan gebrekkige medyske soarch. De klachten fan de frou soene net serieus naam wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)