Deade minsken op wachtlisten

04 nov 2004 - 09:46

De wachtlisten yn de âldereinsoarch yn Fryslân binne de helte koarter as oant no ta altyd tocht waard. Dat docht bliken út in ûndersyk fan soarchfersekerder De Friesland oer 2003.

Sa kaam oan it ljocht dat 15 minsken op de list al ferstoarn wiene. Der mankearret dus nochal wat oan de registraasje. It ûndersyk is ûnder 560 minsken yn Fryslân hâlden. It docht ek bliken dat de helte fan de minsken op de wachtlist dêr net mear op heart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)