Kontrôle-aksje frachtweinen

© Omrop Fryslân
By in grutte Noardlike kontrôle-aksje troch de plysje binne fyftjin frachtweinsjauffeurs op de bon slingere. 36 willekeurige frachtauto's waarden fan de dyk helle.
Der waard sjoen nei hoe lang de sjauffeur achter it stjoer siet, oft de fergunning kloppe en oft de frachtwein sels yn oarder wie. Ien auto dy't te swier beladen wie, krige in bekeuring fan 2500 euro.