Hoarn-ûlen yn Lollum

03 nov 2004 - 17:26

It is in plaatsje dat je net alle dagen sjogge. Yn de tún fan de famylje De Jong yn Lollum sitte 17 hoarn-ûlen, oftewol 'ransuilen', yn in beam. Neffens kenner Johan de Jong is it frij betiid dat in grutte groep by inoar sit.

Om te oerwinterjen sykje de hoarn-ûlen inoar op oan de rânen fan beboude gebieten. Dêr sykje se nei mûzen en lytse fûgeltsjes. As de groep net bot fersteurd wurdt, kinne se de hiele winter wol op itselde plak bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)