Ton besunigje op biblioteek

03 nov 2004 - 15:38

De gemeenteried fan Ljouwert moat sels in oplossing betinke foar de ton dy't se nét besunigje wolle op de biblioteek yn de stêd. It kolleezje hie útsteld om twa ton te besunigjen op de biblioteekfoarsjenning.

In mearderheid fan de ried hat lykwols besletten dat der mar ien ton besunige wurde mei. Uteinlik sit de gemeente no wol mei in gat yn de begrutting fan in ton. Wethâlder Krol fynt dat de ried dêr sels mar wat foar fine moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)