Snits sil prate mei moslims

03 nov 2004 - 15:23

De gemeente Snits sil mei de tradisjonele Suikerfeesten yn petear mei de moslimmienskip. De Suikerfeesten folgje op de fêstelmoanne foar Islamiten, de Ramadan. Minister Donner fan Justysje rôp alle gemeenten op om mei de moslimmienskip te praten, ûnder oare oer de moard op Theo van Gogh.

It is net sa dat de gemeente Snits nei de Suikerfeesten giet omdat Donner dat freget. De gemeente hie al in goed kontakt mei de moslimmienskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)