Festival: omtinken foar Van Gogh

03 nov 2004 - 13:29

It Noardlik Filmfestival draait mooglik in film fan Van Gogh nei oanlieding fan de moard op Theo van Gogh. De filmregisseur is tiisdei yn Amsterdam om it libben brocht. It filmfestival yn Ljouwert begjint nije wike woansdei.

Direkteur Anneke van Renssen neamt syn dea ferskriklik. 'Hy wie ien fan de belangrykste Nederlânske filmers en wie hiel aardich foar syn meiwurkers.' Van Renssen fynt it belangryk om omtinken oan Van Gogh te jaan op it festival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)