'Fallissemint skuld fan eigner'

03 nov 2004 - 10:16

It leit oan Jouke Brander sels dat de boubedriuwen Noord en Oost fallyt geane. Dat seit kurator Verdonk. Twa jier lyn gie boubedriuw Westerbaan fallyt. Direkteur Brander makke in trochstart mei Noord en Oost.

Verdonk fûn dat dy nije bedriuwen de skuldeaskers fan Westerbaan betelje moasten. Brander fûn dat net. Fjouwer rjochtsaken folgen en fjouwer kear krige kurator Verdonk gelyk fan de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)