'Reklame'-útstalling ferbean

© Omrop Fryslân
De Keamer fan Keaphannel moat de fleskes Frysk bier en bonbons mei bearenburch út 'e fitrine helje. De útstalling is yn striid mei de drank- en tabakswet. Dat hat de Voedsel- en Waren Autoriteit bepaald.
Direkteur Jansen tinkt der lykwols net oer om it spul fuort te heljen. Hy wol it op in konfrontaasje oankomme litte. Ferline wike moasten samlers op in hobbybeurs harren sigarebantsjes ek al ynpakke, om't it reklame wêze soe.