Striid tsjin kriminaliteit

© Omrop Fryslân
De kriminaliteit yn Fryslân yn de kommende fjouwer jier mei tweintich prosint werombringe. Dat is it doel fan it platfoarm kriminaliteitsbehearsking Fryslân. It nije platfoarm is in gearwurking fan plysje, justysje, it bedriuwslibben, gemeenten en ûnderwiis.
It platfoarm hâldt him dwaande mei de striid tsjin winkeldieverij, geweld by it útgean, oerlêst fan jeugd en kriminaliteit yn de transportsektor. Wink Blomsma wurdt de foarsitter.