Meiprate oer nije boargemaster

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Boarnsterhim meie oanjaan watfoar nije boargemaster oft se ha wolle. De ynwennners fan de gemeente ha moandei in brief hân dêr't se har winsken op ynfolje kinne. Boargemaster Ype Dijkstra wurdt mei yngong fan takom jier boargemaster yn Zeewolde.
De útkomsten wurde meinommen yn de winskelist fan de gemeenteried. Kommissaris Nijpels krijt de gegevens as er op syk giet nei in nije boargemaster.