Brede oanpak hurdlearse dieven

02 nov 2004 - 10:20

De súksesfolle Ljouwerter oanpak fan dieven dy't hieltyd wer de fout yngean, wurdt útwreide oer hiel Fryslân. Yn de Fryske haadstêd hat in strangere oanpak laat ta minder oerlêst.

Yn de hiele provinsje wenje 159 minsken dy't faker as ienkear trapearre binne op stellerij út winkels of auto's. De plysje kondiget no oan harren ticht op de hûd te sitten en nije oertredings net te tolerearjen. Se krije dûbelde straf of ferplicht tafersjoch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)