Jeugdsoarch moat mear gearwurkje

© Omrop Fryslân
Buro's foar Jeugdsoarch wurkje lâns inoar hinne, stiet yn it boek 'Jeugdzorg voor de Toekomst'. It boek is makke troch de Twadde-Keamerfraksje fan 'e PvdA. It is moandei oanbean oan de direksje fan Buro Jeugdsoarch yn Ljouwert.
De PvdA hat in manifest skreaun oer bettere jeugdsoarch. Dêrfoar hawwe se ek praat mei jongerein, âlden en helpferlieners. De útkomsten komme oan 'e oarder yn 'e Twadde Keamer.