Thialf: no ek skoalreedriden

02 nov 2004 - 08:49

IIsstadion Thialf is moandei út ein set mei skoalreedriden. Dat bart op inisjatyf fan reedridersbûn KNSB. Skoallen út 'e gemeenten Lemsterlân, Snits, It Hearrenfean en Skarsterlân kinne fjouwer lessen folgje.

De Burcht fan It Hearrenfean en De Streek fan Tsjalbert mochten moandei as earste skoallen op Thialf delkomme om it riden te learen. Yn de Ljouwerter iishal bestiet it skoalreedriden al sûnt langere tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)