Reedrider Augustin ferstoarn

01 nov 2004 - 16:41

Yn it sikehûs fan Snits is snein Alvestêdeleginde Willem Augustin fan Hylpen (81) ferstoarn. Augustin waard yn Amsterdam berne. Hy waard ferneamd omdat er yn 1941 oer de Ofslútdyk fytste om mei te riden, nei't er de trein nei Ljouwert mist hie. Hy hat oan alle Alvestêdetochten sûnt 1941 meidien, mar ien net útriden. Hy hat sân krúskes.

Augustin rekke twa wike lyn slim ferwûne by in ûngelok yn syn hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)