Friezen sûne wurknimmers
Wurknimmers yn Fryslân en Seelân wiene ferline jier it minst faak siik fan alle Nederlanners. It Sintraal Buro foar de Statistyk hat dat besifere.
Friezen wiene yn trochsneed trettjin-en-in-heal dei siik yn 2003. Dat is krekt wat minder as it lanlik trochsneed dat op fyftjin stiet. Ynwenners fan Flevolân wiene it faakste siik fan alle wurknimmers yn Nederlân.