De Jouwer ûntsnapt mei lykspul

01 nov 2004 - 13:58

De Jouwer is snein ûntsnapt oan in nederlaach. Yn in turbulinte einfase makken de Jouster fuotballers noch krekt 1-1 tsjin WKE.

Sa rêstich as de earste helte wie, sa rûzich wie de twadde. Haanstra moast op in brankaar fan it fjild en Dölle miste in penalty. Pas doe't in spiler fan WKE fan it fjild stjoerd wie, wist Schuurman nei fiif minuten yn ekstra tiid de lykmakker te meitsjen. Dêrnei miste De Jouwer noch de kâns op 2-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)