'Hâld plysjefoech by gemeente'

© Omrop Fryslân
De plysjekorpsen moatte net troch Ynlânske Saken oanstjoerd wurde. It foech moat lizzen bliuwe by de lokale autoriteiten lykas no it gefal is. Dat seit boargemaster Dales fan Ljouwert. Hy is foarsitter fan in advyskommisje fan 'e Feriening Nederlânske Gemeenten.
It Ministearje wol mear te sizzen hawwe oer de plysje. Mar de plysje is meast aktyf op lokaal nivo. Sadwaande moat it lokaal bestjoer in grutte stim hâlde, fynt Dales.