Benaude winst Hearrenfean

01 nov 2004 - 12:02

Hearrenfean hat snein mei 4-2 wûn fan Den Bosch. De Feanster fuotballers kamen dêrmei goed wei, want de ploech hie it dreech yn Den Bosch.

Den Bosch kaam twa kear op foarsprong, mar beide kearen wist Klaas Jan Huntelaar de Feansters wer op likense hichte te bringen. Trije minuten foar tiid skoarde ynfaller Yuri Rose. Yn blessueretiid tekene Samaras foar 2-4. Hearrenfean stiet no fjirde yn de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)