'Brêgen net langer iepen'

01 nov 2004 - 11:01

It bliuwt dreech om de iepeningstiden fan brêgen en sluzen te ferromjen en ek nochris it brêgejild ôf te skaffen. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk fan de provinsje.

Dochs docht rekreaasjeskip de Marrekrite in ferfolchûndersyk. Doel is om foar alle brêgen en sluzen te sjen oft de iepeningstiden rommer kinne. Boatsje-toeristen ha in soad argewaasje fan de perioades dat de brêge ticht is fanwege skoft fan de brêgewachter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)