Tredde plak foar talint De Vries

© Omrop Fryslân
Bob de Vries fan Haule is sneon yn Den Haach tredde wurden by in reedrydmaraton foar de KNSB-cup. De noch mar 19-jierrige De Vries wie ûntsnapt mei Ralf Zwitser en Kurt Wubben. De earste luts úteinlik oan it langste ein en wûn de maraton.
Bob de Vries debutearret dit jier yn it maratonpeloton. Hy stiet no earste yn it jongereinklassemint fan de KNSB. Yn it algemien klassemint stiet er achtste.