Oanriding by Waskemar

31 okt 2004 - 16:57

By in oanriding yn Waskemar binne sneontejûn twa ynwenners fan Wynjewâld ferwûne rekke. It giet om in man fan 20 en in jonge fan 15.

De bestjoerder fan de auto skrok yn in bocht fan in tsjinlizzer. De auto kaam dêrtroch yn de berm telâne, draaide in pear slaggen en kaam tsjin in beam telâne. De twa slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)