'Grutsker wêze op Ljouwert'

© Omrop Fryslân
Ljouwerters binne te beskieden en moatte folle grutsker wêze op harren stêd. Dat sei professor Boekema fan de Universiteit Nijmegen op in sympoasium oer it imago fan Ljouwert.
Boekema hie grutte krityk op de wize wêrop't Ljouwert him profilearret yn Nederlân. De Fryske haadstêd moat sjen nei hoe't oare steden harsels ferkeapje, lykas Amsterdam en Grins dy't mei arrogante slogans de merk ferôverje.