Gjin fjoerwurkferkeap yn Balk

© Omrop Fryslân
Hieltiden mear ferkeapers fan fjoerwurk hâlde der mei op om't de strange regeljouwing te grutte ynvestearrings yn de feiligens freget. De helte fan de ferkeapers hat net iens in ferplichte sprinklerynstallaasje.
Yn Balk hat dit der ta laat dat der dit jier hielendal gjin legaal fjoerwurk mear te krijen is. De Fixet-fêstiging sjocht gjin brea mear yn de fjoerwurkhannel. Faaks nimt de yllegale hannel yn fjoerwurk dêrtroch ta.