Gjin helikopters nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter fleanfjild hoecht nei alle gedachten net mear te rekkenjen op in útwreiding fan it tal helikopters en de aktiviteiten dy 't dêr by hearre. Troch de sluting fan marinefleanfjild De Kooy yn Den Helder like in grut tal aktiviteiten nei Ljouwert ferpleatst te wurden.
Dat giet no net troch, want it Ministearje fan Definsje hat besletten dat it fleanfjild yn Den Helder gewoan iepen bliuwt.