Dearsum wol in feest foar Ids

© Omrop Fryslân
Dearsum hat faak in feest hâlden foar reedrider Ids Postma. Eltse kear as Postma wer in wichtige priis wûn kaam it doarp byinoar om dat te fieren. It lêste grutte feest wie yn 1998, doe't Postma Olympysk Kampioen waard op 'e tûzen meter. No sil it doarp noch ien kear in grut feest organisearje om Ids syn ôfskie as reedrider te fieren.
Postma wie njonken Olympysk Kampioen ek Nederlânsk Kampioen, Europeesk Kampioen en Wrâldkampioen.