Ids Postma hâldt der mei op

© Omrop Fryslân
Ids Postma (30) fan Dearsum hat lang om let besletten om dochs op te hâlden fan langebaanriden. Postma hat tsien jier op it allerheechste nivo meidien. Hy waard yn 1994 Nederlânsk kampioen. Fierder waard er twa kear wrâldkampioen en ien kear Europeesk Kampioen.
By de Olympyske Spullen yn Nagano fan 1998 ferovere Postma goud op 'e 1000 meter. Yn 2003 waard er noch tredde op it WK Allround. Postma wol him no mear talizze op it wurk op syn pleats.