'Mear jild foar Waddenfonds'

29 okt 2004 - 11:01

It Ryk moat folle mear as in heal miljard euro útlûke foar it saneamde Waddenfonds. Dat fynt in tal organisaasjes en oerheden, dy't mei it Waad te krijen ha.

It Waddenfonds is bedoeld foar ynvestearringen yn de natuer en de ekonomyske ûntwikkeling fan de noardlike provinsjes. It Ryk wol der in heal miljard ynstopje. Mar tsien natuer-en miljeu-organisaasje easkje 1,3 miljard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)