Undersyk kastanjekrupsje nedich

29 okt 2004 - 10:59

Der moat gau jild frijmakke wurde foar ûndersyk nei de heimsinnige kastanjekrupsje, want oars krijt Fryslân te meitsjen mei kealslach. Dy konklúzje waard tongersdei lutsen op it gemeentehûs fan Burgum, dêr't amtners en saakkundigen praten oer de hieltiid siker wurdende kastanjes.

Rûnom yn Fryslân krije kastanjes brune flekken, wêrnei't se dea geane. Foar ûndersyk nei de ûnbekende oarsaak binne tsientûzenen euro's nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)