3/4 Nederlanners foar boarrings

© Omrop Fryslân
Trijekwart fan de Nederlanners is foar it boarjen nei gas yn de Waadsee. Dat docht bliken út in opinypeiling fan ûndersyksburo Interview-NSS, dat dien is yn opdracht fan de NAM, de Nederlandse Aardolie Maatschappij.
In kwart fan de ûnderfrege minsken fynt it boarjen nei gas yn de Waadsee gjin goede saak. De útkomsten fan it ûndersyk ferskille net folle fan eardere ûndersiken. Yn 2002 wie ek al in grutte mearderheid foar gaswinning.