Minder swiere straf FVC

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter fuotbalferiening FVC hat yn heger berop in minder swiere straf krigen nei oanlieding fan 'e staakte wedstriid tsjin GVAV/Rapiditas op 3 oktober. De sneins twadde klasser krijt no twa punten yn minderen yn plak fan fjouwer, sa't de KNVB earder woe.
De skorsing fan spiler Michel Hofstra is werombrocht fan 6 nei 4 moanne. GVAV/Rapiditas-FVC waard staakt omdat guon spilers fan FVC de skiedsrjochter bedrigen.